Ferheegjen wetterpeil yn feangebiet kin testfaze yn

20 des 2017 - 22:08
Foto: Omrop Fryslân

It projekt 'Valuta voor Veen' fan de Fryske Miljeu Federaasje sil yn de praktyk test wurde. De provinsje Fryslân stipet dit inisjatyf mei hast 150.000 euro. It projekt moat foar minder broeikasgassen en mear natuer soargje troch it ferheegjen fan it wetterpeil yn feangebieten. Boeren dy't deroan meidogge, krije de kosten fergoede.

De Fryske Miljeu Federaasje sil 'Valuta voor Veen' fierder útwurkje en yn de praktyk teste, yn gearwurking mei de Noardlike Fryske Wâlden, It Lege Midden en LTO Noard.

(advertinsje)
(advertinsje)