Poiesz útroppen ta bêste supermerk fan Nederlân
Poiesz Supermarkten is de bêste supermerk fan Nederlân. Ut ûndersyk fan it ynstitút GfK docht bliken dat klanten de Poiesz it measte wurdearje. De supermerk skoart it heechst op it mêd fan meiwurkers, winkelgemak en de bêste oanbiedingen. It GfK Supermerk Rapport ferskynt ien kear yn it jier.
Poiesz is in Frysk famyljebedriuw mei ferskate supermerken yn it noardeasten fan Nederlân. It haadkantoar en distribúsjesintrum sitte yn Snits.