Eksposysje oer Abe Bonnema boppeyn Achmeatoer

20 des 2017 - 21:30

Op de boppeste etaazje fan de Achmeatoer yn Ljouwert komt in spesjale tentoanstelling oer arsjitekt Abe Bonnema De tentoanstelling wurdt organisearre yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Yn de 'Abe Bonnema Experience 2018 - Legacy of an architect' komt in útstalling fan it wurk fan Bonnema, dy't in protte betsjut hat foar it oansjen fan Ljouwert.

De tentoanstelling is alle sneonen yn de Panoramaseal te besjen. Dy wurdt dan fjouwer oeren iepensteld foar it publyk. Mei help fan grutte oanrekskermen kinne belangstellenden de wurken fan Bonnema besjen, wêrby't dan ek ekstra ynformaasje jûn wurdt. Ek komme der keamerbrede loftfoto's fan Ljouwert en Fryslân op de flier, dy't it romtlike belibjen fergrutsje moatte. Der kinne elke sneon maksimaal trijehûndert besikers op de Bonnema Experience oanwêzich wêze. Kaartsjes kostje trije euro it stik.

Abe Bonnema (1926-2001) is de meast ferneamde arsjitekt fan Fryslân fan de tweintichste iuw. Hy waard benammen bekend as ûntwerper fan it kantoar fan Nationale Nederlanden yn Rotterdam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)