Sneldyk A6 ôfsletten by De Jouwer, ferkear wurdt omlaat

De ferkearssituaasje by De Jouwer feroaret yngripend © knooppuntjoure.nl
De A6 fan It Hearrenfean nei De Lemmer en Snits is woansdeitenacht fan 22.00 oant 06.00 oere ôfsletten tusken de ôf- en oprit De Jouwer fanwege wurksumheden. It ferkear út It Hearrenfean wei wurdt omlaat fia De Jouwer en Haskerhoarne en fia de ovatonde en de oprit De Jouwer wer rjochting Lemmer en Snits.
De ovatonde by De Jouwer is woansdeitemiddei diels iepensteld. It ferkear moat no in nije rûte folgje.