Advokaat Van der Goot net iens mei fuortbestean libbenslang

20 des 2017 - 20:22

Advokaat Tjalling van der Goot tinkt deroer om by it Europeesk Hôf foar de Rjochten fan de Minsk beswier oan te tekenjen tsjin in útspraak fan de Hege Ried. Dy hat bepaald dat libbenslange finzenisstraffen yn Nederlân bestean bliuwe meie sa't se binne. Van der Goot is it dêr net mei iens. Hy seit dat der foar minsken mei in libbenslange straf net genôch sicht is op ynfrijheidstelling.

Formeel kin in minister graasje ferliene, mar dat bart praktysk nea, seit Van der Goot. Oft er it beswier ek echt oantekenje sil by it Europeesk Hôf, is noch net dúdlik. Van der Goot wol earst besjen hoe kânsryk oft sa'n proseduere is. It kin wol even duorje foardat er dat útsocht hat, seit er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)