Plomfeehâlders poer op aksjegroep fanwege skokkende bylden

20 des 2017 - 17:45

Plomfeehâlders binne poer op de aksjegroep Ongehoord dy't bylden publisearre ha, wêrop't misstannen te sjen binne yn harren sektor. It giet ûnder oare om bylden dy't makke binne op de pleats fan Piet Faber fan Nijeberkeap. Hy is ek de foarsitter fan de fakgroep plomfeehâlderij. Op de bylden binne deade hinnen te sjen en guon dy't yn ûnmacht lizze. De aksjegroep stelt op syn webside dat de bylden 100 persint echt binne.

Yn in reaksje by NRC Handelsblad seit wurdfierder Johan Boonstra fan Ongehoord dat it misstannen binne en dat it min giet mei it bistewolwêzen. Plomfeehâlder Faber hat lykwols in folslein oar ferhaal. Op de bylden binne wite hinnen te sjen, mar Faber wurket al jierren mei brune, sa seit er. Faber ûntkent net dat der hinnen deagean yn syn stâl. "Mar wy moatte dy opromje. Ik soe se ek net misse, as se sa dúdlik te sjen binne. As de NVWA, de voedsel- en warenautoriteit, delkomt en dit sa oantreft dan ha ik in grut probleem."

Neffens Faber giet it no krekt hieltyd better mei de sektor. Oant twa jier lyn wie 23 persint net op oarder. It gie dan meastentiids om it stâlsysteem. Dat sifer moat en kin noch better, fynt Faber. "Dêr wurket de sektor sels ek hurd oan, sa seit de plomfeehâlder. Neffens Faber besiket de aksjegroep mei de bylden in oanslach te dwaan op de sektor. Der lykwols wat tsjin dwaan hat neffens him gjin doel. "De groep freget ús transparant te wêzen, mar ast se sels fine wolst, is dat hast net te dwaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)