Reitze Douma fan ChristenUnie beneamd yn Provinsjale Steaten

20 des 2017 - 17:10

Reitze Douma út Drachten is woansdei troch de kommissaris fan de Kening beëdige as lid fan Provinsjale Steaten foar de ChristenUnie. Hy folget Ynze de Boer fan Balk op, dy't tuskentiids ôfgiet. De Boer hat hast alve jier lid west fan de steaten fan Fryslân. By syn ôfskied is er beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Reitze Douma (1952) is sûnt juny 2016 kommisjelid foar de steatefraksje fan de ChristenUnie. As sadanich die er al mei oan it debat yn de steatekommisje. De portefúljes binnen de fraksje wurde op 'e nij ferdield. Douma sil benammen it wurd fiere oer ynfrastruktuer, lânbou, natuer en bedriuwsfiering. Hy is sûnt begjin jierren '80 al polityk aktyf foar de ChristenUnie, ûnder oare by de gemeenteried fan Grins, en by de Kiesferiening yn Drachten. Yn it deistich libben is hy ûndernimmer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)