FIDEO: Uleboerd pleatst op nije Frysk Lânboumuseum

20 des 2017 - 18:17

De iepening fan it nije Frysk Lânboumuseum, dat ferhuzet fan Earnewâld nei Goutum, is wer in stap tichteby. It nije museum berikte woansdei letterlik in hichtepunt: in spesjaal makke ûleboerd is op it dak pleatst. It is net in tradisjoneel boerd mei swannen, mar ien dy't arsjitekt W.C. de Groot yn 1909 betocht. Hy is ek de arsjitekt fan de pleats dêr't it museum yn komt. It orizjinele boerd is dus no werom.

It museum sil yn maaie takom jier de doaren iepenje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)