FIDEO: Feteraan Boyd Affleck is ferstoarn

20 des 2017 - 16:38

De Kanadeeske feteraan en befrijer Boyd Affleck is ferline wike op 91-jierrige leeftiid ferstoarn. Mei syn ynfanterybataljon hat er yn 1945 ferskate plakken yn Noard-Nederlân befrijd. Yn april 1945 kaam Affleck op19-jierrige leeftiid Harns binnenfallen. Mei syn kollega's hat er de havenstêd befrijd. Ek yn Ljouwert en Frjentsjer hat er Dútsers arrestearre. Yn 2013 wie de feteraan noch yn Harns foar in spesjale betinking. Hjir kamen ek wer in protte oantinkens boppe.

Affleck wie it lêste lid fan dit ynfanterybataljon dat noch yn libben wie.

(advertinsje)
(advertinsje)