Yn âlde Fries Museum komme apparteminten

20 des 2017 - 16:23

De âlde gebouwen fan it Fries Museum op de Turfmerk yn Ljouwert krije in nije bestimming: der komme sa'n tweintich apparteminten yn. De gevels bliuwe stean. Fierder komt der in binnentún sadat dit folboude, monumintale stikje binnenstêd iepener wurdt. It saneamde Eysingahûs oan de Turfmerk is earder al ferkocht en ferboud ta apparteminten.

De tunnel yn it eardere museum, dy't beide gebouwen mei elkoar ferbûn, bliuwt en sil brûkt wurde foar lytse gearkomsten of eksposysjes. As de gemeente akkoart giet, kin ein takom jier boud wurde. Eigener Stichting De Kanselarij hat fan 2006 oant no socht nei in nije ynfolling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)