Gasunie Grid ferliest saak; flinke tafaller foar provinsje

Sintrale As by De Falom © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
De provinsje Fryslân hat in tafaller fan 378.000 euro, troch in útspraak fan de Ried fan Steat. It bedriuw Gasunie Grid hie in fergoeding fan dy omfang frege, foar it ferlizzen fan in âlde gaslieding by De Falom. Dat wie nedich foar it oanlizzen fan de ekologyske ferbiningssône by De Falom. De oanlis dêrfan hearde by de ynrjochting fan it gebiet om de Sintrale As hinne, de nije dyk tusken Dokkum en Nyegea. Neffens Gasunie Grid hie it ferlizzen fan de lieding lykwols net echt mei de dyk te meitsjen en seach dat as de oanlis fan nije natuer.
De rjochtbank Noard-Nederlân gong earder noch mei yn dy redenaasje, mar de Ried fan Steat jout de provinsje no gelyk. Dat betsjut dat Gasunie Grid sels opdraait foar de kosten.