FIDEO: Frerik de Swetser coveret 'Libben nei de leafde'

Sjonger Frerik de Swetser hat it nûmer 'Libben nei de leafde' fan Vangrail covere. Dit hat er dien foar de muzykrubryk fan Fryslân Hjoed. Yn dizze rubryk daget presintator en sjonger Raynaud Ritsma Fryske artysten út. Se krije as opdracht in ferske út de Fryske Top 100 te coverjen. In ferske dat fier fan harren eigen styl ôf stiet. Mei as doel: nije nûmers kreëarje en in oare blik op Fryske nûmers.
Dit kear wie Raynaud sels oan bar en waard in nûmer fan himsels covere. Frerik is de sânde yn it rychje fan Fryske artysten dy't in nûmer covere hat. Elske DeWall die 'It woanskip' fan Anneke Douma en Iris Kroes it nûmer 'Cliffs of Moher' fan Gurbe Douwstra.
Benijd nei alle covers? Sjoch dan op www.omropfryslan.nl/muzykrubryk