Koegelwieck raamt boei en kin foarearst net farre

De Koegelwieck, de flugge boat fan Harns nei Skylge, kin foarearst net brûkt wurde. It skip hat woansdeitemiddei om healwei ienen in boei rekke. Dat barde doe't de boat fan Harns nei Skylge op wei wie. De Koegelwieck koe op heale krêft trochfarre, mar kaam wol mei fertraging oan. By de oanfarring is neffens rederij Doeksen nimmen ferwûne rekke.
De boat is nei it nachtlisplak op Skylge sleept. Dêr wurdt de skea ûndersocht. Oer de oarsaak fan it ynsidint is noch neat bekend. Alle tsjinsten fan de Koegelwieck wurde oernommen troch de Tiger. Dêrtroch binne der gjin gefolgen foar de tsjinstregeling, sa seit rederij Doeksen.