Fertochte sjitpartij Jonker frijlitten om medyske redenen

De 57-jierrige fertochte Charles Reinier van der W. foar de rjochter © ANP
De fertochte yn de saak fan de sjitpartij by Thialf op It Hearrenfean op 7 jannewaris fan dit jier, wurdt foarearst frijlitten om nei it sikehûs te kinnen en in behanneling tsjin blaaskanker te ûndergean. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert woansdei bepaald. De fertochte moat tongersdei syn earste operaasje ûndergean. Syn advokaat hie ferline wike om frijlitting frege.
De man wurdt fertocht fan besykjen ta moard of deaslach fan reedrydsponsor Bert Jonker, de direkteur fan yngenieursburo Clafis. Sy soene in saaklik konflikt hawwe. De fertochte wurdt de kommende tiid ûnder elektroanysk tafersjoch steld. Ek hat hy in kontaktferbod krigen en mei hy net yn Fryslân komme. Hy moat ek syn paspoart ynleverje. De fertochte wie in skoftlang spoarleas, mar waard yn july oppakt yn de buert fan Barcelona. De fertochte sil ek meiwurkje moatte oan in rekonstruksje fan it sjitynsidint, dat plakfûn by it EK reedriden allround en sprint. Bert Jonker rûn by de sjitpartij ferwûningen op oan syn hân en flechte yn syn auto.
De fertochte sei ferline wike by de behanneling fan de saak dat it just Jonker sels wie dy't in fjoerwapen op him rjochte. It wapen soe ôfgien wêze yn in wrakseling dy't dêrnei folge. Yn de auto fan Bert Jonker binne gjin spoaren fûn fan in sjitpartij en ek it wapen is net fûn. In rekonstruksje moat mear dúdlikheid jaan oer wat der bard is, hat de rjochter ferline wike al bepaald.