Waadhoeke krijt fjouwer wethâlders

20 des 2017 - 14:58

De nije gemeente Waadhoeke krijt fjouwer wethâlders. Twa fan it CDA, ien fan de progressive partij SAM en ien fan de FNP. Alle fjouwer wienen al wethâlder yn de gemeenten It Bilt en Frjentsjerteradiel. It nije kolleezje presintearre woansdei it koälysjeprogramma yn Frjentsjer. Dat programma hat de namme 'nije grinzen, nije kânsen' krigen en hat de ambysje fan tichteby bestjoere te wollen. De formaasje wie yn 13 dagen klear. Dat is hiel rap, mooglik mei te tankjen oan formateur Theo Joosten, foarsitter fan it CDA Fryslân.

It beëage kolleezje bestiet út Caroline de Pee en Nel Haarsma út namme fan it CDA, Boukje Tol út namme fan SAM en Jan Dijkstra út namme fan de FNP. Yn de riedsgearkomste fan tiisdei 2 jannewaris 2018 wurdt de nije gemeenteried ynstallearre, it koälysjeakkoart fêststeld en de nije wethâlders beneamd.

Tongersdei moat dúdlik wurde wa't de waarnimmend boargemaster fan de nije gemeente wurdt.

Trefwurden: 
Waadhoeke wethâlder
(Advertinsje)
(Advertinsje)