Studinten bringe krystgroet by bewenners soarchynstellingen

20 des 2017 - 14:29

Studinten fan De Friese Poort ride twa dagen troch de provinsje om by soarchynstellingen en oare doelgroepen in krystgroet te bringen. Se binne ferklaaid as Jozef en Maria of as ingelen en fertelle it ferhaal fan de berte fan Jezus of jouwe krystkaarten.

De studinten fan de oplieding 'Maatschappelijke zorg' wolle op dizze wize in stikje waarmte, gesellichheid en foaral oandacht jaan oan minsken dy't dat oars net krije. Ek leare se op dizze wize de minsken kennen dêr't se yn de takomst mei wurkje sille. De Christmas Tour komt woansdeitemiddei noch yn Snits en Warkum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)