Bûtenbad yn Haulerwyk tenei duorsum ferwaarme

Bûtenbad Haulewelle yn Haulerwyk is it earste duorsume swimbad fan Noard-Nederlân. Sinnepanielen, sinnekollektoaren en waarmtepompen waarmje it swimbadwetter op oant 24 graden. Alle wurksumheden binne dien troch frijwilligers út de doarpen Haulerwyk en Waskemar. It swimbad giet op 21 april iepen foar publyk.
De âlde tsjettels fan it swimbad wiene oan ferfanging ta. Doe ûntstie it idee om it bad te ferwaarmjen op in duorsume wize. De frijwilligers binne fan 't hjerst úteinset mei it projekt en hawwe woansdei de lêste sinnekollektor ynstallearre. "De frijwilligers sille it wol misse om alle woansdeis by elkoar te kommen", seit Hummel, koördinator fan de frijwilligersploech. Gelokkich binne der noch genôch oare putsjes. Sa wurde der tegels lein en moat der noch in stek komme.