Unrêst yn Tytsjerksteradiel oer faktuer fan Vitens

20 des 2017 - 14:16
  • Harkje nei de bydrage

De faktueren fan 100 euro de hûshâlding, dy't Vitens yn Tytsjerksteradiel ferstjoert,binne prematuer. De saak leit noch by de Hege Ried. De rekkens binne foar belesting op drinkwetter. Vitens hat boppedat mei it each op de rjochtsaak in tydlike ûntheffing krigen om de belesting oer te dragen oan de gemeente. Dat seit wethâlder Geerling Schippers. Yn 2014 hat in mearderheid fan de gemeenteried ynstimd mei it heffen fan belesting op drinkwetterliedingen, om ekstra ynkomsten te krijen. Wetterbedriuw Vitens is it dêr net mei iens, mar berekkenet de belesting no troch oan de ynwenners fan de gemeente.

No't de faktueren ferstjoerd wurde, ûntstiet by de bewenners hieltyd mear ûnrêst. Wilens geane yn de gemeenteried stimmen op om de ynwenners foar de belesting te kompensearjen. Under oare by de FNP, Geerlings eigen partij, libbet dy gedachte. De wethâlder is der net entûsjast oer en ûntriedt in moasje oer dat ûnderwerp, as dy der komt. De riedsgearkomste is tongersdeitejûn yn Tytsjerksteradiel.

Ek yn Achtkarspelen wurdt belesting heft op de liedingen fan Vitens. Dêr krije de boargers in heffing fan 75 euro yn de bus.

(advertinsje)