Ried fan Steat keart winkelsintrum yn Veemgebou Drachten op

20 des 2017 - 13:55
Foto: Omrop Fryslân, Dirk Baron

Fêstgoedbedriuwen Retailplan BV en Breevast kinne gjin winkelsintrum en supermerk yn it Drachtster Veemgebou ûntwikkelje. De Ried fan Steat hat de beswieren fan de beide bedriuwen ôfwiisd. Neffens de Ried hat de gemeente net te lang wachte mei in beslút oer in fergunningsoanfraach. Retailplan hat de gemeente neffens de Ried in dizich briefke stjoerd dat net foldocht oan de easken fan in fergunningsoanfraach.

It bedriuw soe neffens de Ried faker mei opsetsin ûndúdlike oanfragen yntsjinje om op dy wize supermerken yn gebouwen te krijen dy't der net foar bedoeld binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)