Wurkstraf en rydûntsizzing foar man dy't fytser oanried

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 29-jierrige Ljouwerter hat woansdei in wurkstraf fan 90 oeren krigen en in rydûntsizzing fan sân moannen. De man wie yn april trochriden nei't er op de krusing fan it Oostergoplein en de Julianalaan in fytser oanriden hie en dêrnei trochriden wie. Neffens tsjûgen wie de man troch read riden en ried er mei hege snelheid oare auto's foarby. De man sei dat er neat fan in oanriding fernommen hie, mar neffens in tsjûge wie syn freondinne oerémis út de auto stapt en rôp se dat er ien oanriden hie.
De Ljouwerter is earder beboete en feroardiele foar it riden mei drank op. De rjochter hie der net folle fertrouwen yn dat er syn leske no wol leard hat. Dêrom lei er in selstraf ûnder betingst op fan twa wiken mei in proeftiid fan trije jier.