Drugshûs yn Blessum trije moanne ticht

20 des 2017 - 13:22
Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Piersma fan Menameradiel hat woansdei yn Blessum fanwege drugs in hûs foar trije moanne sletten. Yn septimber hat de plysje de wenning mei garaazje trochsocht en dêrby drugs foar de hannel fûn en guod dat mei drugs te krijen hat. Ek waard yllegaal stroom brûkt. Dat soarge foar brângefaarlike situaasjes foar de eigener en omwenners. Troch de sluting moat drugskriminaliteit minder wurde en de feilichheid en leefberens yn de maatskippij grutter wurde.

Trefwurden: 
Blessum drugs
(advertinsje)
(advertinsje)