It sykjen nei Remon Bruinsma giet troch

20 des 2017 - 13:12

It is woansdei de tweintichste dei dat Remon Bruinsma fan De Westereen fermist wurdt. Hy kaam net thús nei in jûntsje stappen yn Ljouwert. Ek woansdei wurdt nei Remon socht, mei in spesjaal sykteam en in spesjalisearre speurhûn. Dêrneist freget de plysje de meiwurking fan wenboatbewenners.

Neffens saakkundigen kin it wêze dat, mocht Remon yn it wetter fallen wêze, hy ynkoarten boppe driuwen komt. En dat soe hiel goed wêze kinne yn de buert fan de wenboaten yn it sintrum fan de stêd. De plysje freget de bewenners dêrom om de boel ekstra yn de gaten te hâlden.

Trefwurden: 
Remon Bruinsma fermist plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)