Twadde Keamer stipet ferbreding slûs Koarnwertersân

20 des 2017 - 11:59

De provinsje is ferromme oer it beslút fan de Twadde Keamer, dy't sein hat dat it regear mei de regio oplûke moat om ferbreding fan de slûs yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân foar mekoar te krijen. Ferbreding fan de slûs is ekonomysk fan grut belang om't it neffens it bedriuwslibben in soad ekstra banen opsmyt. Sa kinne skipswerven bygelyks gruttere jachten bouwe.

Deputearre Klaas Kielstra sjocht it beslút ek as stipe om Europa te oertsjûgjen om ek jild beskikber te stellen. De Europeeske Uny wiisde earder in subsydzje-oanfraach troch de provinsje ôf. Kielstra sil yn jannewaris nei Brussel om hjir op 'e nij oer te praten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)