Hollum net wiis mei ferhúsplannen supermerk

20 des 2017 - 11:51
De Coop yn Hollum - Foto: Google Street View

Yn Hollum op It Amelân is de buert net wiis mei de mooglike ferhuzing fan supermerk Coop fan Douwe Bakker. De gemeente wol de winkel ferhúzje nei it parkearterrein oan de Jan Jacobsweg. It frijkommende terrein oan de O.P. Lapstraat wolle se opnij ynrjochtsje. De ferhuzing soe it langslepende konflikt tusken de winkelbaas en de gemeente oplosse moatte.

Ieuwe de Vries wennet foar it parkearterrein oer en hy is tsjin it plan. Neffens him soe it plak iepen bliuwe moatte en heart de winkel yn it doarp. Mei buertbewenners riedt er aksjes ta en seit beswieren te skriuwen en planskea yn te tsjinjen. Oaren neame it plan logistyk idioat. Ek Doarpsbelang Hollum is unanym tsjin it plan om't it parkearterrein by eveneminten al krap is. Ek doarpsbelang sil aksje ûndernimme troch riedsleden oan te sprekken.

Amtners besjogge oft it plan yn it bestimmingsplan past. It útwurke plan moat yn febrewaris yn de riedskommisje behannele wurde.

Trefwurden: 
Hollum supermerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)