Minykemping by Murns kin der komme

© Omrop Fryslân
Nei tsien jier plannen meitsje kinne de inisjatyfnimmers Hinke en Marcel Postma takom jier in minykemping iepenje oan de Murnserdyk yn Murns. Dat docht bliken út in útspraak fan de Ried fan Steat. Dy hat de beswieren fan de buorlju ôfwiisd. Dy wiene bang foar oerlêst fan fakânsjegongers, mar neffens de steatsried falt it mei dy oerlêst wol ta. Op de kemping is mar plak foar fyftjin campers en de kemping is tusken ein oktober en heal maart ticht.