Gemeenteried jout sinnepanielepark Aldeberkeap noch in kâns

20 des 2017 - 11:29
Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Wethâlder Henk van de Boer set him persoanlik yn om it fertrouwen te krijen by omwenners foar in sinnepanielepark yn Aldeberkeap. By de plannen wiene de belutsenen earder te min behelle. Neffens de wethâlder is der noch wol tiid foar om alle beswieren te bepraten. Dêrmei wist Van de Boer in mearderheid fan de ried safier te krijen dat se ynstimden mei 'de ûntwerpferklearring fan gjin betinking'. Dat betsjut lykwols noch net dat it park ek echt yn Aldeberkeap komt.

It Fryske Gea, pleatslik belang en mear as de helte fan de bewenners fan bungalowpark 'Het Molenbosch' wize de lokaasje fan it park ôf. Inisjatyfnimmer Johan ter Schuur hat wol op 'e tiid witte litten dat er sinnepanielen pleatse wol, mar de útwurking fan syn plan kaam folle letter. Neffens ferskate riedsfraksjes wie dat te let en ienrjochtingsferkear. Ter Schuur seit lústerje te wollen nei de beswieren en te sykjen nei oplossingen. As it plan hiel oars wurdt, moat der wol wer nei sjoen wurde neffens de wethâlder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)