Miljoeneferlies SC Hearrenfean

20 des 2017 - 11:28

Sportklup Hearrenfean is it ôfrûne seizoen tsjin in miljoeneferlies oprûn. Oer it seizoen 2016-2017 hie it in ferlies fan hast fjouwer miljoen euro. Troch in tal transfers is it úteinlike ferlies 1,5 miljoen euro. Dat is hast in miljoen mear as it jier dêrfoar. Dochs is direkteur Luuc Eisenga foarsichtich posityf. It ferlies komt foaral troch weromrinnende telefyzje-ynkomsten fan goed 700.000 euro, minder ynkomsten fan de haadsponsor en it útjaan fan mear lean oan spilers. De transfers fan Sam Larsson, Jeremiah St. Juste, Joost van Aken en Dennis Johnsen sitte hjir noch net by.

Sponsorynkomsten

De sponsorynkomsten binne neffens Eisenga foar it earst yn jierren wer wat ferbettere. Takom jier ferwachtet hy dan ek dat de sponsorynkomsten mei tsien prosint omheech gean. Dan sille dy útkomme op krekt wat mear as njoggen miljoen euro, sa tinkt Eisenga. Yn de heechtiidsdagen leine de sponsorynkomsten op krapoan santjin miljoen euro. "Maar in die tijd leven we niet meer. Wel merk je dat we voorzichtig uit de crisis komen. Dat merken wij dan ook weer. Daarom zie ik dat het sponsorgeld een beetje in de plus komt."

Swarte sifers

Foar takom seizoen tinkt Eisenga dat syn klup swarte sifers skriuwe kin. Dat hat dan benammen te krijen mei de transferjilden en de sponsorynkomsten. "Maar voor de toekomst moet je er van uitgaan dat we niet elk jaar zwarte cijfers gaan schrijven. Dat is in de toekomst niet meer realistisch. We gaan meer investeren in de jeugdopleiding, wat toch al onze levensader is. Maar verder zijn we wel veelal afhankelijk van de transferinkomsten." SC Hearrenfean is njonken de transfers fan Hearrenfean-spilers ek ôfhinklik fan transfers fan spilers dy't yn it ferline by Hearrenfean spile ha. Sa spilet Bas Dost op dit stuit by Sporting Lissabon. Hy skoarde it ôfrûne seizoen 34 jier kear en de kâns is grut dat der in grutte transfer oankomt. Dêr profitearret Hearrenfean ek wer fan. Lykas in mooglike transfer fan Hakim Ziyech, dêr't Hearrenfean in solidariteitsbydrage fan krijt by in transfer. Ziyech hat syn folsleine jeugd by Hearrenfean spile.

(Advertinsje)
(Advertinsje)