Brantsje yn skoalle De Bolder yn Frjentsjer

Bern fan de skoalle foar bysûnder ûnderwiis De Bolder yn Frjentsjer moasten woansdeitemoarn fanwege brân de skoalle út. In panne op it fjoer wie yn de brân flein. Twa bedriuwshelpferlieners wisten it fjoer gau ûnder kontrôle te krijen mei in blustekken, mar krigen wol reek binnen. Se binne behannele troch meiwurkers fan de ambulânse.
De skoalbern binne opfongen yn de skoalle Simon Vestdijk, dy't neist De Bolder stiet. De brânwacht hat it gebou kontrolearre en it klasselokaal fentilearre. De bern koene dêrnei werom nei harren eigen skoalle.