Snits krijt 20 tiny houses yn de wyk Tinga

© Heijmans
Oannimmersbedriuw Heijmans set kommende moanne tweintich saneamde 'tiny houses' del yn de Snitser wenwyk Tinga. It bedriuw docht dat yn opdracht fan wenningkorporaasje Accolade. Heijmans hat de wenten sels ûntwikkele. It hûske kin ferpleatst wurde. De lytse wenten bliuwe maksimaal tsien jier stean oan de kant fan de Eekmolen.
Yn Snits is in tekoart oan wenromte foar lytse húshâldens. Mei de gemeente Súdwest-Fryslân is ôfpraat dat tsien fan de wenningen oanbean wurde oan flechtlingen mei in ferbliuwsstatus.