Fryske top 100 fiert dit jier 20-jierrich jubileum

20 des 2017 - 17:45

Al tweintich jier stride Fryske artysten foar de heechste notearring yn ús hitlist: de Fryske top 100. It is in tradysje wurden om it jier ôf te sluten mei de populêrste nûmers út Fryslân. Mar hoe is it tweintich jier lyn begûn? En hoe gong it troch de jierren hinne? Geert van Tuinen en Wim Brons fertelle deroer.

It earste jier

Yn 1997 kamen Geert van Tuinen en Rein Tolsma mei it idee foar de Fryske top 100. Geert van Tuinen: "Wy moasten wat betinke foar twadde krystdei, dus kaam Rein mei it idee foar in Fryske Top 40." Se dienen in oprop op de radio en der kaam in advertinsje yn de krante mei in top 5 briefke dat minsken opstjoere koenen. "En wat wie it in sukses! Tûzenen briefkes kamen binnen. It wie yn deselde tiid dat De Kast trochbruts mei 'In nije dei'. Dus de nûmer 1 wie fansels 'In nije dei'."

Top 100

Ien jier wie der gjin Fryske top 100, dat wie yn 1999, doe't Omrop Fryslân nei it nije gebou oan de Suderkrúswei ferhuze. Yn 2000 kaam de hitlist werom, mar yn in oare foarm: in Fryske top 100. En net op twadde krystdei, mar op âldjiersdei. Wim Brons fan de muzykredaksje: "Minsken hâlde der fan om mei elkoar it jier út te sitten. It fielt goed, fertroud mei de Fryske nûmers dêrby. Friezen binne grutsk op de nûmers dy't makke wurde. Artysten hechtsje der folle mear wearde oan as ús wierskynlik. It begûn sa simpel, mar it is útgroeid nei wat grutters. Mar úteinlik is muzyk fansels gjin wedstriid. Mar foar begjinnende artysten is it in moai poadium, se krije erkenning en brûke it as middel foar publisiteit."

Top 10 troch de jierren hinne

De Friezen stimden foar in hiel tradisjonele Top 10. De Kast stie jierren lang op nûmer 1, yn 2000 kaam dêr 'Wêr Bisto?' foar yn it plak. Mar in jier letter makke dy plak foar 'Marije Maria' fan Reboelje. Dat nûmer wie der net ôf te slaan. Pas yn 2008 kaam dêr 'Cliffs of Moher' foar yn it plak. En dy is noch mar twa kear ferslein. Yn 2013 troch De Wiko's en yn 2015 troch Die Twa mei 'Fûgels'. Beide muzykgroepen hâlden der dy jierren der mei op. Mar dêrnei kaam tradysjegetrou 'Cliffs fan Moher' fan Gurbe Douwstra wer op nûmer 1.

Hoe komst yn de top 100?

Wim Brons: "Hast muzyk as dy fan Piter Wilkens, dat is heechsteand en wurdt wurdearre troch hiel Fryslân. Mar der is ek muzyk dy't it goed docht wylst de kwaliteit miskien net heech is. Dat binne de nûmers dy't it folkssentimint reitsje, dêr't Friezen har yn weromkenne. Nûmers dy't de siel fan it folk reitsje."

Wolst noch stimme?

Stimme kin ek dit jier wer oant en mei twadde krystdei. Op dy dei sitte ferskate bekende Friezen klear om de lêste stimmen yn te fieren. Op âldjiersdei wurdt de Fryske top 100 útstjoerd, fan 13.00 oere middeis oant krekt nei middernacht, en is te folgjen fia radio, telefyzje, de webside en de Omrop-app.

Yn Fryslân Hjoed prate Wim Brons, Raynaud Ritsma en Wiebe de Jong (Vangrail) woansdei oer de hjoeddeistige ûntwikkelingen yn de Fryske muzyk, want hat dy noch wol in takomst?

(Advertinsje)
(Advertinsje)