Automobilist op A6 mei drugs op achter stjoer

20 des 2017 - 10:05

De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei op de A6 by De Lemmer in 40-jierrige automobilist út Emmeloord oanhâlden om't de man ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer siet. De man teste posityf op de drugs THC en kokaïne. Hy hie boppedat in kneppel yn de auto lizzen. It wapen is yn beslach naam. De man wegere mei te wurkjen oan in bloedproef. Syn rydbewiis is yn beslach naam.

Trefwurden: 
automobilist drugs plysje A6
(advertinsje)
(advertinsje)