Plysje hâldt trije bestjoerders oan yn Ljouwert

20 des 2017 - 10:00
Alkohol - Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Ljouwert hat tiisdeitejûn en -nacht trije bestjoerders oanhâlden. In 26-jierrige en in 53-jierrige automobilist, beiden út Ljouwert, waarden oan de kant set om't se mei drank op achter it stjoer sieten. Se krigen in boete, proses-ferbaal en in rydferbod oplein.

In 22-jierrige Ljouwerter waard oan de kant set om't de man sûnder rydbewiis achter it stjoer siet. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert bestjoerders
(advertinsje)
(advertinsje)