Kollum: "Ienriedich?"

20 des 2017 - 08:52

"It oanlûken fan bedriuwen wie eartiids altyd in putsje foar boargemasters. Soks paste moai yn de portefúlje. Aldehoere. Offisjeel: netwurkeftich wurk. Dat liket simpel, mar it is justjes mear as in pear liter drank yn in ûndernimmer jitte.

Drs. Willem Ernest van Knobelsdorff is der sa’n bytsje mei begûn om sok wurk echt op poaten te setten. Hy wie boargemaster fan Smellingerlân fan 1962 oant 1975. Hy neamde it noait Smellingerlân, it wie altyd Drachten. Dat wie ommers Philips. Hy reizge in soad nei Skandinavië en helle sa gâns bedriuwen nei syn Drachten. En Van Knobelsdorff wist ek dat der mear nedich wie; yn syn perioade waard De Lawei twa kear útwreide. Hy koe it der by de âlde wethâlders Noorda en Kroes noait trochkrije dat de kroegen ek op snein iepen mochten, mar fierder libbe Drachten as in hert.

Ljouwert seach der wat ôfstanlik nei. It siet yn de perioade Jehannes Brandsma. Se hiene dêr sa’n rûntsje ûndernimmers, dy’t it mei elkoar wol rêden. Se hoegden net sa nedich de dyk op om bedriuwen te roppen. Alles kaam fansels. De polityk tocht dat alle wegen automatysk nei Ljouwert rinnen bliuwe soene. Mar de trein Grins-Ljouwert bleau suterich. Je koenen neat mei Noardburgum en Twizel; sa kaam de dyk nei Grins oer Drachten. It slimste wie dat se rekkene hiene dat de dyk fan de Ofslútdyk oer Harns nei Ljouwert rinne soe. Dat barde doe net; it is no te let. Alle ferkear fan Hollân kaam lâns Snits, It Hearrenfean en Drachten. En de A6 kaam troch de polder en by De Jouwer op dy A7. Ynienen lei Ljouwert iensum yn ’e buert fan Dokkum. Rykswei 32 wie ek te let. Ljouwert hie de oarloch, dy’t benammen Drachten en It Hearrenfean begûnen, al ferlern. En Grins wie de grutste winner.

Mr.John te Loo, opfolger fan Brandsma, krige alles om de earen. Aegon. Ja, Ljouwert hie it, mar it bedriuw woe herskikke. Grins? Drachten (”wy lizze o sa sintraal yn it hiele noarden”) ? In geweldige striid hat it west. Ljouwert wûn by einsluten, mar dêrtroch wiene reade sifers fjouwer kear sa grut as no. Watte, Ljouwert hat tweintich jier eins neat mear kinnen.

En dat hie wol moatten, want it bliek allegearre it startsein te wêzen foar in keihurde konkurrinsjestriid tusken de fjouwer grutte gemeenten. We witte der net sa hiel folle fan, it wurd transparant wie noch net útfûn. Boppedat koe dat drankynjitten net iepenbier wurde, al rûn dat by Bert Smallenbroek yn Drachten der in kear oerhinne. It meast idioate: ik siet by Sc Hearrenfean altyd op itselde plak en krekt foar my hie Smellingerlân, sis mar Drachten, twa plakken. Dêr siet boargemaster mr. ing Pieter van der Zaag dan mei in sis mar klant. Hy hat nea immen oan my foarsteld. Mar Drachten hie dus sels neat aardichs wêr’t hy mei sa’n man hinne koe. En hy moast fansels dy klant yn de tredde helte ek noch om Herman Reinders boargemaster fan Hearrenfean hinne lavearje. Al hie dy it wer drokker mei Ljouwerter bedriuwen nei It Hearrenfean te ferhúzjen.

De provinsje wie ek noch konkurrint, it lei in grut yndustryterrein by Tsjalbert oan, foar hiele grutte bedriuwen. Mar de deputearren Siem Jansen en Gerard van Klaveren kamen der yn om. En ûndernimmers hiene yntusken yn de rekken dat se dy bearenburch wol mochten, mar dat logysk neitinke better wie. Sa waard Sint-Nyk it suksesfolste plak foar bedriuwen yn Fryslân. Op 't heden rêdt elk himsels wol en sitte de fleantugen fol mei hannelsmissys nei Sina of sa. En de provinsje hat in loketsje foar bedriuwen dy’t nei Fryslân ta wolle. U mag zelf uitzoeken meneer.

Mar it sil no hielendal oars. It wurd is ienriedich. Ienriedich sille deputearre Sander de Rouwe, NOM direkteur Siem Jansen en de gemeenten Ljouwert, Snits, Drachten en Hearrenfean yn de slach om bedriuwen nei Fryslân te krijen, al is it ek foar in oar. Bygelyks Ljouwert sil ek yn de slach om bedriuwen nei Snits te heljen. Leauwe jim dat? No de fjouwer boargemasters net. Want se ha no harren wethâlders, wêrfan ien al wer fuort is troch de ferkiezingen, stjoerd om it allegear te dwaan. Ienriedich. Dan fine dy boargemasters der neat mear oan."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)