Trainer Sipke Hulshoff: "Winst is it belangrykste"

20 des 2017 - 07:54

SC Cambuur hat troch de 3-0 winst op GVVV de lêste acht fan it KNVB-bekertoernoai berikt. GVVV, de tsjinstanner út Veenendaal, koe yn de twadde helte de Ljouwerter ploech net mear tsjinhâlde. Trainer Sipke Hulshoff wie nei ôfrin dúdlik. "De winst is fansels it belangrykste. Us earste helte wie hiel matich, mei in leech tempo en in protte balferlies. Nei de goal nei in oere wie it klear en ha we sjen litten wat we kinne." Tongersdeitejûn wurdt der lotte foar de kwartfinale. De Cambuur-trainer hat ien dúdlike winsk. "We wolle hiel graach wer thús spylje, dat is moai mei ús publyk der achter."

Nigel Robertha, de oanfaller dy't de skoare iepenbruts, wie bliid mei de kâns dy't er krige. "Een doelpuntje meepikken is mooi voor mezelf, maar het belangrijkste is dat we door zijn." Foar Robertha mei syn âlde klup Feyenoord wol de folgjende tsjinstanner wurde. Mar dan wol yn it Cambuur stadion.

(Advertinsje)
(Advertinsje)