UPDATE: treinferkear komt wer op gong

It stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
It treinferkear fan en nei Ljouwert hie woansdeitemoarn lêst fan in stroomsteuring. Troch de steuring koene de treinen fan ferfierders NS en Arriva net ride. De Arrivatreinen fan Grins rieden oant Hurdegaryp. Der binne bussen ynset om reizgers te ferfieren. Nei sa'n trije kertier wie de steuring foarby. De tsjinstregeling kaam fan kertier foar sânen wer op gong. De sneltreinen tusken Grins en Ljouwert ride nei healwei achten wer op skema. De oarsaak fan de steuring is net bekend.