FIDEO: De Oranjefroulju hawwe feestje, Marit is teloarsteld

20 des 2017 - 01:49

Sherida Spitse is tige grutsk op de priis foar Sportploech fan it jier. De Oranjeliuwinnen wûnen, mei har as oanfierder, yn de finale fan it EK fuotbal yn eigen lân fan Denemarken en dêr is Spitse noch hieltyd fan ûnder de yndruk. De oantinkens oan de titel reitsje har sels mei de útrikking fan de priis op it Sportgala.

Foar Marit Bouwmeester is it in lytse teloarstelling, al fynt se Dafne Schippers in geweldige sporter. "Allinnich bin ik ferjitten te stimmen", seit Bouwmeester nei ôfrin. Hoe't dat kin, leit se út yn it filmke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)