Skylge kiest foar bou apparteminten Dellewal

19 des 2017 - 23:02

Grutte bliidskip by de Stichting Natuurherstel Baai Dellewal. De gemeenteried fan Skylge hat tiisdeitejûn keazen foar de bou fan trettjin apparteminten foar permaninte bewenning oan de râne fan West-Skylge. De stifting wie fûl tsjin op de oare fariant; útwreiding fan Hotel Schylge, om't dat de natoer yn de baai hielendal ferniele soe.

It leafst hienen se hân dat der hielendal net boud wurde soe. Mar de kar foar de permaninte bebouwing jout mooglikheden om in grut stik fan de natuer te behâlden, seit de stifting. Se sille no fierder mei de crowdfundingsaksje om plannen foar de baai oan de râne fan West-Skylge fierder út te wurkjen. Der wie al njoggen ton byinoar brocht, mar dat wie neffens de gemeente net genôch om it hiele stik natoergebiet te keapjen.

(advertinsje)
(advertinsje)