OranjeLiuwinnen útroppen ta Sportploech fan it jier

19 des 2017 - 22:08
Foto: ANP

De OranjeLiuwinnen, mei de Friezinnen Sherida Spitse, Sisca Folkertsma en Loes Geurts, binne op it Sportgala útroppen ta Sportploech fan it jier. De ploech, mei ek assistint-bûnscoach Foppe de Haan, wûn dit jier it EK fuotbal yn eigen lân.

By de ploech wie Spitse fan Snits oanfierder. Se setten earst Noarwegen, Denemarken, België en Sweden oan 'e kant. Yn de finale wie Nederlân op 'e nij te sterk foar Denemarken. It wie foar it earst dat de fuotbalfroulju in ynternasjonale priis pakten.

Yn deselde kategory wienen ek de manljusshorttrackploech en de hockeymanlju nominearre. De shorttrackploech wûn mei de Friezen Daan Breeuwsma (Akkrum), Sjinkie Knegt (Bantegea), Itzhak de Laat (Aldskoat) en Dylan Hoogerwerf (Ljouwert) earst it EK yn Turijn. Yn maart wûn de ploech, mei doe Dennis Visser (De Lemmer) yn plak fan Hoogerwerf, yn Rotterdam ek de wrâldtitel.

Sportman, -frou en -coach

Ek yn de oare kategoryen wienen Fryske sporters nominearre. Sylster Marit Bouwmeester moast it by de ferkiezing fan Sportfrou fan it jier ôflizze tsjin Dafne Schippers. Reedrider Sven Kramer seach dat hurdfytser Tom Dumoulin útroppen waard ta Sportman fan it jier.

Jac Orie is ferkeazen ta Sportcoach fan it jier. De reedrydcoach fan ûnder oare Sven Kramer krige de foarkar boppe shorttrackcoach Jeroen Otter en Sarina Wiegman, dy't coach is fan de fuotbalfroulju.

By de ferkiezing foar Paralympysk sporter fan it jier wie gjin Fries nominearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)