Cambuur fia amateurs GVVV nei kwartfinale KNVB-beker

19 des 2017 - 21:34

Sportklup Cambuur hat troch in oerwinning op GVVV de lêste acht fan de KNVB-beker berikt. De Ljouwerters wûnen yn it eigen stadion mei 3-0 fan de klup út de twadde difyzje út Veenendaal. It wie in minne earste helte yn it Cambuurstadion. De ploech fan Sipke Hulshoff hie it dreech mei it kreëarjen fan grutte kânsen. Issa Kallon wie it tichtst by. De oanfaller rekke mei in hurd skot de peal. Nigel Robertha skeat nei in healoere wol raak, mar dy goal waard ôfkard.

Nei it skoft gie it better foar de Ljouwerters. Oan it begjin fan de twadde helte gong it noch wat hinne en wer, mar Robertha sette Cambuur flak foar it oere op foarsprong. Kallon lei de bal nei in flugge kombinaasje breed op Robertha, dy't ôfrûnje koe. Matthew Steenvoorden soarge tweintich minuten foar tiid foar de beslissing, op 'e nij nei in kombinaasje. Koart nei't ynfaller Martijn Barto de peal rekke mei in skot, krige Cambuur in strafskop. Ricardo Kip skeat raak.

Tongersdeitejûn is de lotting foar de kwartfinale. In dei letter spilet Cambuur yn de Jupiler League in útwedstriid tsjin Helmond Sport.

Sportklup Cambuur - GVVV: 3-0 (0-0). 59 Nigel Robertha 1-0, 71. Matthew Steenvoorden 2-0, Ricardo Kip 3-0

Opstelling Cambuur: Cummins; Van Wermeskerken, Steenvoorden, Schilder, Peersman; Schils, Kip, Smeets (38. Mathieu); Narsingh, Robertha (79. Van der Laan), Kallon (72. Barto)

(advertinsje)
(advertinsje)