Ald-VVD'er Derks werom yn ried fan Eaststellingwerf

Sietse Derks © Fred Platje
Ald-VVD-wethâlder Sietse Derks is werom yn de ried fan de gemeente Eaststellingwerf. Derks stapte earder dizze riedsperioade op fanwege in koälysjekrisis nei oanlieding fan in koarte affêre mei in meiwurkster fan Derks op it gemeentehûs. No't VVD-riedslid Rineke Valk har riedswurk opjout, hat Derks op basis fan de útslach fan de lêste riedsferkiezings rjocht op har sit. Under de namme Liberaal Ooststellingwerf hat hy tiisdeitejûn syn rentree yn de ried makke. Net eltsenien wie it dêr mei iens.
De koälysjepartijen Ooststellingwerfs Belang, CDA en VVD fine dat de tiid noch net ryp is foar in weromkear fan Derks yn de polityk. De VVD-fraksje sjocht gjin kâns ta in konstruktive gearwurking mei Derks, dy't syn weromkear oankundige op VVD-briefpapier. Foar riedslid Meine Jansma wie dat de reden him werom te lûken út de riedskommisje dy't de "geloofsbrieven" ûndersykje moat. De yntegriteit fan it iepenbier bestjoer is neffens him troch it gedrach fan Derks yn it geding.