Op 'e nij auto te wetter yn Drachtster Feart

19 des 2017 - 20:51

Yn it sintrum fan Drachten is opnij in auto yn de Drachtster Feart te wetter rekke. De eigener hie de auto op de oprit stean, mar wie de hânrem ferjitten. Dêrtroch belâne de auto yn it wetter. In berger hat de auto dêrút helle.

Moandeitejûn bedarre ek al in auto yn de Drachtster Feart. De bestjoerder is nei alle gedachten de macht oer it stjoer ferlen. De man rekke ferwûne mar koe op eigen krêft it wetter útkomme.

(advertinsje)
(advertinsje)