Provinsje set proef mei Fryslân Card troch

19 des 2017 - 20:19

De provinsje set de proef mei de Fryslân Card troch, ek al hawwe ferline jier mar 8.550 toeristen de iendeiske fergese OV-kaart brûkt wylst der goed 70.000 útjûn wiene. De provinsje hie in subsydje fan 575.000 euro ôfjûn oan Arriva om de proef mei de kaarten út te fieren yn fjouwer gemeenten, Opsterlân, Eaststellingwerf, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân. Arriva fersoarge de marketing en de útjefte fan de kaarten oan akkommodaasjes dy't se dan wer oan toeristen jaan koenen.

Uteinlik is mar de helte fan de kaarten troch de akkommodaasjes ôfnaam. De rest is weromkaam. Fan de kaarten dy't útjûn binne, is mar in kwart brûkt, sa docht út de evaluaasje bliken.

Nettsjinsteande de tsjinfallende sifers fan it brûken fan de kaarten, set de provinsje de proef yn 2018 troch en wreidet it sels út nei de hiele provinsje. Deputearre Klaas Kielstra seit dat der ferbetterpunten binne, mar dat it doel om mear minsken yn it iepenbier ferfier te krijen foar in part dochs slagge is. Boppedat tinkt hy dat it jier 2018 mear kâns op sukses fan dizze proef jout. Der wurde dan earst 50.000 kaarten subsidearre troch de provinsje. De ynskatting fan de provinsje is dat der úteinlik 195.000 kaarten brûkt wurde sille. Marketing en promoasje sil dan better oanpakt wurde, neffens de deputearre.

Trefwurden: 
Fryslâncard provinsje
(Advertinsje)
(Advertinsje)