Stille tocht foar slachtoffer stekpartij Snits

19 des 2017 - 20:08
Foto: Omrop Fryslân

Yn Snits wurdt woansdeitejûn in stille tocht holden foar de 39-jierrige Guido Souari. De man kaam ôfrûne wike om it libben by in stekpartij. Twa fertochten fan 16 en 17 jier âld sitte noch fêst.

De freondinne en freonen fan Souari wolle mei de stille tocht sjen litte dat sy tsjin sinleas geweld binne. De freedsume tocht start om 19.00 oere op de Marktstrjitte en einiget op it plak dêr't Souari ferstoarn is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)