Friezen meitsje har op foar Sportgala

19 des 2017 - 20:03

Marit Bouwmeester, Sven Kramer, de Fryske shorttrackers en de Fryske Oranje Liuwinnen: se meitsje harren op foar it NOC*NSF Sportgala tiisdeitejûn yn de RAI yn Amsterdam. Op it gala wurde de bêste sportman, sportfrou, sportploech, coach en paralympyske sporter eare mei in Jaap Eden Award.

Sportman fan it jier

Yn de kategory Sportman fan it jier is Sven Kramer nominearre. Kramer wurdt yn 2017 foar de njoggende kear Europeesk kampioen allround. Boppedat mei er ek syn njoggende wrâldtitel allround op syn earelist byskriuwe. By beide kampioenskippen wint Sven Kramer de fiif en tsien kilometer. Ek op de WK ôfstannen yn Gangneung is Kramer de bêste op dy ôfstannen. De reedrider wie ien kear earder sportman fan it jier, yn 2007.

Kramer moat it opnimme tsjin Tom Dumoulin. De hurdfytser wûn de hûndertste edysje fan de Giro d'Italia. Noch nea earder wie it in Nederlanner slagge om it klassemint fan de Ronde fan Italië te winnen. In oare konkurrint foar Kramers útrikking ta Sportman fan it jier is Max Verstappen. De Formule 1-koereur makket grutte yndruk troch yn de Grand Prix fan Sina fan it sechtjinde plak ôf te starten mar úteinliks as tredde oer de einstreek te kommen. Ek wint Verstappen yn de Grutte Priis fan Meksiko en yn Maleizië.

Sportfrou fan it jier

Marit Bouwmeester makket in grutte kâns om Sportfou fan it jier te wurden. De Wartense ymponearret op it WK yn eigen lân: se begjint op it 60e plak, mar op de ien-nei-lêste dei is se as lieder yn it klassemint werom te finen. Se wint de Laser Radial-klasse op in nuvere wize: troch net te silen, om't der net genôch wyn stiet. Nei har titel op de Olympyske Spelen en de twa WK-titels wurdt se yn Barcelona nochris Europeesk kampioen en wurdt se útroppen ta 'Siler fan it jier'.

Har konkurrinsje: Anna van der Breggen en Dafne Schippers. De hurdfytster Anna van der Breggen wint grutte klassikers as de Amstel Gold Race, de Waalske Pijl en Luik-Bastenaken-Luik. Se wint it World Tour-klassemint, pakt op it WK twa kear sulver en pakt brûns op de yndividuele tiidrit. Dafne Schippers wurdt yn 2017 wrâldkampioen op de 200 meter sprint. Dat se har titel prolongearret is bysûnder, dat slagge pas twa froulju earder. Boppedat pakt Schippers brûns op de 100 meter sprint.

Sportploech fan it jier

Yn dizze kategory is de measte kâns op Frysk súkses. Njonken de folslein Fryske ôflossingsploech by it shorttrack binne ek de Fryske Oranje Liuwinnen Sherida Spitse, Sisca Folkertsma en Loes Geurts en harren assistint-bûnscoach Foppe de Haan nominearre. De oranjefroulju wûnen it EK ôfrûne simmer yn eigen lân. Oan de hân fan oanfierder Sherida Spitse út Snits pakke de froulju fan bûnscoach Sarina Wiegman foar it earst de Europeeske titel. Noarwegen, Denemarken, België en Sweden wurde ferslein, wêrnei't de Liuwinnen yn de finale opnij Denemarken oan de kant sette.

De Fryske shorttrackers dominearje yn 2017 op it ûnderdiel ôflossing, de saneamde relay. Yn de finale op it EK yn Turijn winne Daan Breeuwsma (Akkrum), Sjinkie Knegt (Bantegea), Itzhak de Laat (Aldskoat) en Dylan Hoogerwerf (Ljouwert). Se pakke de wrâldtitel troch yn de finale Ruslân, Italië, en Hongarije êfter har te litten. Ek de wrâldtitel foar de Nederlânske ôflossingsploech wurdt ien mei in folslein Fryske kleur: mei Dennis Visser fan De Lemmer yn it plak fan Hoogerwerf wurdt dizze kear opnij wûn. No binne Ruslân, Sina en Hongarije de tsjinstanners.

De konkurrinsje komt fan de de hockeymanlju. Dy wûnen yn ús lân foar de twadde kear op rige de Europeeske titel. Dêr liket it earst net op, mar de hockeymanlju komme werom fan in 2-0 efterstân en bûge dat om yn in 4-2 oerwinning. Dêrmei wurdt Nederlân foar de fiifde kear Europeesk kampioen.

Ek yn de kategory Sportcoach fan it jier is der kâns op in oerwinning mei in Frysk tintsje, want de bûnscoach fan de shorttrackers, Jeroen Otter is nominearre. Hy moat it opnimme tsjin Sarina Wiegman en reedrydcoach Jac Orie. Otter wennet op It Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)