Foarearst gjin fjirde trein tusken Ljouwert en Snits

19 des 2017 - 18:51

Der komt foarearst gjin fjirde trein op it trajekt Ljouwert-Snits. It doel wie om yn 2020 in rappere trein ta te heakjen oan de hjoeddeistige treinen dy't ride. De grûn by Mantgum is lykwols net stabyl genôch. De trein soe 140 kilometer yn 'e oere ride moatte, mar ProRail tinkt dat de feiligens dan net garandearre is en it gefaar fan ûntspoaring bestiet. En dus moat der ûndersyk dien wurde nei hoe't dy risiko's fermindere wurde kinne. Wa't dat betelje sil, is noch ûnderwerp fan diskusje tusken ProRail en de provinsje. Neffens deputearre Johannes Kramer sille dat noch pittige petearen wurde en sil it ek noch wol efkes duorje foardat de partijen dêr út binne. 2020 wurdt yn alle gefallen net helle. De deputearre fynt dat tige teloarstellend.

Yn 2018 komt der wol mear dúdlikens oer fjouwer iepenbier tagonklike spoarweioergongen dy't noch net befeilige binne. It giet dan om de oergongen by Wjelsryp, Blessum/Deinum, Boazum en Skûlenboarch. Der is jild fan it ministearje frijkaam, mar ek gemeenten sille ta de bûse moatte om de befeiliging mooglik te meitsjen.

Trefwurden: 
Ljouwert Snits trein
(Advertinsje)
(Advertinsje)