Twadde Keamer is foar ferbreedzjen slûs Koarnwertersân

19 des 2017 - 18:30
De Lorentzslûzen by Koarnwertersân - Foto: Rykswettersteat

It regear moat him mei de regio ynsette foar it ferbreedzjen fan de slûs by Koarnwertersân. Dat fynt in mearderheid yn de Twadde Keamer en dy hat dêr tiisdeitemiddei in moasje oer oannaam.

Brussel hat in oanfraach foar Europeeske subsydzje ôfwiisd. De Keamer fynt dat der sa gau mooglik in nij finansjeel plan komme moat, omdat ferbreding fan de slûs net allinnich fan grut ekonomysk belang is foar de regio, mar foar it hiele lân. Dat mei net allinne op de regio ôfskood wurde, seit de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
Koarnwertersân slûs
(Advertinsje)
(Advertinsje)