Team Clafis yn protest tsjin seleksjefolchoarder KNSB

19 des 2017 - 18:10
Coach Jillert Anema - Foto: awfoto.nl

Team Clafis fan reedrider Jorrit Bergsma en coach Jillert Anema stapt nei de skelekommisje fan de KNSB. De ploech is it net iens mei de seleksjefolchoarder foar de Olympyske Spelen. De KNSB brûkt dêr in spesjaal rekkenmodel foar. Neffens Team Clafis is dat op it lêste momint oanpast en dat soe neidielich útpakke foar syn ploech.

De startbewizen foar de Olympyske Spelen wurde nije wike ferdield by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai. Neffens Team Clafis gie by it oarspronklike rekkenmodel de nûmer trije fan de 5.000 meter by dat kwalifikaasjetoernoai nei de Spelen, foar de nûmer trije fan de 1500 meter. Dy folchoarder is no omdraaid. Dat hat neat te krijen mei in rekkenkundich model, seit Jillert Anema. Trochdat de folchoarder omdraaid is, hat Jorrit Bergsma wat minder kâns op in ticket foar de Olympyske Spelen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)