Alle fjouwer rydstroken iepen op de N31 by Harns

19 des 2017 - 17:51
De gearwurkjende partijen - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De N31 by Harns is sûnt tiisdeitemiddei wer folslein iepen. Dit betsjut dat it ferkear no oer alle fjouwer rydstroken ride kin. By de iepening waard der mei 'eendjes' - fan dy âlde Citroëntsjes - troch in boerd hinne riden. Dy 'eendjes' ferwize nei de ienheid (eenheid yn it Nederlânsk) fan it projekt. Under oaren de gemeente, de provinsje en Rykswettersteat hawwe gearwurke yn it N31-projekt.

Mei de dyk is it no wol klear, mar der binne noch wol wat lytsere saken dy't dien wurde moatte. Dan moat der benammen tocht wurde oan de grienfoarsjenning om de wei hinne. It wurdt allegearre noch wat moaier makke. Yn de maitiid kinne se dêr goed mei oan de slach en dan sil it yn de simmer fan 2018 hielendal klear wêze.

Trefwurden: 
N31 ferkear
(Advertinsje)
(Advertinsje)