Apotheker beneamd ta offisier yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau

19 des 2017 - 17:23
Foto: Rudy Bouma/FrieslandActueel.nl

Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân is by syn ôfskied tiisdei beneamd ta offisier yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau. Hy krige de ûnderskieding opspjelde troch kommissaris fan de Kening Arno Brok. Apotheker hat hast 36 jier boargemaster west, de langstsittende fan hiel Nederlân. Hy hat yn sân gemeenten wurke.

Kommissaris Brok hie loovjende wurden foar it optreden fan Apotheker tweintich jier lyn, as boargemaster fan Ljouwert, nei de dea fan Meindert Tjoelker. Dy kaam om it libben nei in jûntsje stappen yn de stêd. Apotheker stelde doe it sinleaze geweld oan de kaak. Lokaal en lanlik wie dêr doe in soad omtinken foar, en dat hie ta gefolch dat hoarekaregels stranger makke waarden.

(advertinsje)
(advertinsje)