Spoar stoomtrein ferwidere

31 okt 2011 - 21:17

By Starum binne moandeitejûn alle rails fan de stoomtrein ferwidere. Dat waard dien yn opdracht fan VolkerRail. Wêrom it bedriuw dat docht wolle se net fertelle. Ek Max Kooijmans, direkteur fan de Friese Stoomtrein Maatschappij is net berikber foar kommentaar. Hy wol tongersdei in taljochting jaan.

It hat nei alle gedachten te krijen mei de finansjele problemen fan de Stichting.

Earder al slute boubedriuw Friso it bouplak ôf mei stekken. Dy bliuwe stean oant de rekkens betelle wurde.Efter de skermen wurdt drok wurke oan in oplossing foar de finansjele swierrichheden. Neist de gemeente en de provinsje hat ek de Rabobank Súdwest Fryslân in soad jild yn de stoomtrein sitten.It projekt wurdt de lêste tiid pleage troch tsjinslaggen. Sa koene de wagons dy't kocht binne net nei Snits komme om't der wat mis wie mei de papieren. Ek wiene der problemen mei de stoomlokomotyf. It duorre in skoft foar't dy goedkard waard. It gefolch wie dat de trein yn stee fan dit jier pas takom jier foar it earst ride kin. Yn 2010 wiene der deselde problemen. Troch oanfoljende feiligheidseasken moasten der ekstra oanpassings dien wurde oan it spoar.Op de webside fan de Friese Stoomtrein Maatschappij stiet dat der problemen binne, mar dat de organisaasje der fan út giet dat de stoomtrein fan april ôf ride sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)